Swevelkopke
From Wikipedy
Berjocht:Taxobox begin Berjocht:Taxobox image Berjocht:Taxobox begin placement Berjocht:Taxobox regnum entry Berjocht:Taxobox divisio entry Berjocht:Taxobox classis entry Berjocht:Taxobox ordo entry Berjocht:Taxobox familia entry Berjocht:Taxobox genus entry Berjocht:Taxobox end placement Berjocht:Taxobox section binomial simple Berjocht:Taxobox end
It Gewoane Swevelkopke (Hypholoma fasciculare, earder ek Psilocybe fascicularis) heart ta de plaatsjesswammen en groeit yn tichte groepen oan de foet fan leaf- of nuddelbeammen yn bosken of plantsoenen. De poddestoel is yn Fryslân tige algemien.
De kleur fan it Gewoane Swevelkopke is swevelgiel mei oranjebrún sintrum en faak mei skiergiele oant donkerbrune flues stikjes (velumresten) oan de râne. De plaatsjes dy't oan de ûnderkant fan de hoed sitte binne gielgrienich en by it âlder wurden donkerbrún. De oant 10 sm lange en kwalik 1 sm. brede stâle fan de poddestoel is swevelgiel mei in swakke ringsône en oan de foet oranjebrún. De hoed hat in trochsneed fan 2-6 sm. De spoaren binne poarperbrún fan kleur.
[bewurkje seksje] Giftichheid
It Gewoane Swevelkopke smakket tige bitter en is slim fergiftich en kin maklik ferwiksele wurde mei de ytbere Dinneswevelkop (Hypholoma capnoides) en it Stobbeswamke (Kuehneromyces mutabilis).
[bewurkje seksje] Bûtenlânske nammen
Ingelsk: Sulphur tuft
Dútsk: Grünblättriger Schwefelkopf
Frânsk: Hypholome en touffe, Agaric doré
Italjaansk: Ifoloma fasiculato
Nederlânsk: Gewoon Zwavelkopje
[bewurkje seksje] Eksterne links
- SoortenBank.nl beskriuwings en ôfbylden
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Hypholoma fasciculare en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |