Swin
From Wikipedy
It Swin wie yn de lette Midsieuen de see-earm dy't Damme mei de Noardsee ferbûn. Troch oanslibbens en fersânning is der net folle mear fan oer bleaun as in strângeul mei efterlizzende slufter. Earder hat de mûn goed 6 km breed west. De toeren fan Westkapelle en Knokke fungearen as beaken foar de seelju by har tocht nei Damme.
Troch de fersâning waard Brugge yn de 11e ieu oer de Reie ûnberikber. Yn de 12e ieu waard it Swin troch stoarmen fergrutte ta in befarber wetter dat tichtby Brugge kaam en sa in nij farwei joech. Dan moasten der lykwols al foarhavens oanlein wurden. De earste wie Damme, en seewaarts folgen Hoeke, Mude (no Sint Anna ter Muiden) en op it lêste Slús.
De strângeul, die't by eb makkelik trochwade wurde kin - net mear as inkeldjip - leit likernôch op de grins tusken Nederlân (Kadsân) en Belgje. Yn 1950 besleat Nederlân ta it ôfsletten fan de Swinmûn. De daam dy't der doe kaam rôp lykwols protesten op fan Belgje út. It sluftergebiet waard yn 1952 troch graaf Léon Lippens ta it earste natuerreservaat fan Belgje útroppen. Ear't dit probleem hielendal útpraat wie, waard de daam by de wettersneed fan 1953 fuortslein, wêrtroch de geul wer iepen wie. Op it stuit leit de geul sa dat de punten fan de westoevers noch krekt yn Nederlân lizze (2000).
Frij algemien wurdt oannaam dat it Swin itselde wetter is as it "Sincfala" yn de Lex Frisionum.
[bewurkje seksje] Natuergebiet It Swin
It Swin is it wichtichste natuergebiet fan de Belgyske kust, mei in soad seefûgels en dúnknynen. Oan de binnendykse kânt is in briedstasjon fan de earrebarre en in lyts fûgelpark, der't ek strâne fûgels dy't fersoarge wurde moatte oan it publyk toand wurde. Fjirder is der in restaurant en in souvenirwinkel.
Yn 2005 waard der al in principeakkoord tekenje, wertroch de Flaamske Mienskip yn 2006 it behear oer it 155 hektare grutte natuergebiet oernaam. De Mienskip sette it harren ta doel de fersânning oan ta pakken en it natuerreservaat út te wreidzjen troch der parten fan de Willem-Leopoldpolder oan ta te foegjen. It byhearende fûgelpark waard oernommen troch de Provinsje West-Flaanderen.
Yn it Swin is der in soad ferskaat oan wetterfûgels.
[bewurkje seksje] Trivia
- Twaris waard hjir de Franske float troch de Ingelske float ferslein: yn 1213 en yn 1340.
- It Swin is, tegearre mei de tichbije strânnen, ek bekind as fynplak fan 40 miljoen jier alde haaietosken.
[bewurkje seksje] Eksterne keppelings
- www.zwin.be Offisjele webstee fan It Swin
- www.tzwin.be Skiednis Swinstreek
- www.sincfala.be Museum Sincfala, it museum fan de Swinstreek.
- List mei waarnommen wetterfûgels yn it Zwin.