Taco Roorda
From Wikipedy
Taco Roorda (19 july 1801, Britsum – 5 maaie 1874, Leie ) wie in letterkundige,
Taco Roorda studearre yn Grins teology. Yn 1824 sleat er syn stúdzje ôf mei in promoasje ta doktor. It jier dêrop krige hy in Grinzer earedoktoraat yn de letteren. Ynearsten waard Roorda dûmny yn Lytsegast yn Grinslân.
Yn 1828 waard Roorda professor yn de Easterske talen te Amsterdam. Yn 1835 ferwiksele hy Amsterdam mei Delft. Syn learopdracht wie dêr taal-, lân-, en folkenkunde yn Nederlânsk Ynje. Yn 1864 waard Roorda professor oan de Ryksynstelling foar Yndyske taal, lân en folkenkunde te Leien.
Roorda , waans namme no noch yn fakrûntes neamd wurdt, wie foaral spesjalist yn it Javaansk. Dêrnjonken hat hy learboeken en beskôgings skreaun oer taalkunde en oer teologyske ûnderwerpen.