Ter Aar
From Wikipedy
Berjocht:Gemeente in Nederland plus Ter Aar (Berjocht:Audio), yn de folksmûle ek wol Aardam, is in plak en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat Berjocht:Inwonertal NL gemeente ynwenners (Berjocht:Inwonertal NL datum, boarne: CBS) en hat in oerflakte van 21,71 km2 (wêrfan 2,36 km2 water).
De gemeente Ter Aar sil op 1 januari 2007 mei Liemeer en Nieuwkoop opgean yn de de gemeente Nieuwkoop.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] lizzing
Ter Aar leit flakby Alfen oan de Ryn en op 30 km fan Amsterdam. Kwa sneldiken leit Ter Aar net sa geunstich: de opritten dy't it tichtsteby binne lizze by Bodegraven (A12) en Leimuiden (A4), dêr't Ter Aar krekt tuskenyn leit.
[bewurkje seksje] skiedenis
De namme Ter Aar is ôflaat fan it kanaal 'De Aar', it hjoeddeiske Aarkanaal.
[bewurkje seksje] gemeentewapen
By keninklik beslút is op 28 desimber 1859 oan de gemeente Ter Aar in wapen ferliend. De beskriuwing fan it wapen ist: "wêzende in skyld parti, it earste diel fan kiel (read), it twadde fan goud mei in klimmende foks fan kiel".
[bewurkje seksje] oare kearnen
thumb|De Langeraarske Plassen sjoen fan de Langeraarsewei ôf. De oare kearnen binne Korteraar, Langeraar en Papenveer. Oantal ynwenners per kearn per 1 jannewaris 2005:
Kearn | Oantal ynwenners |
Aardam | 4686 |
Korteraar | 765 |
Langeraar | 2435 |
Papenveer | 1106 |
totaal | 8992 |
[bewurkje seksje] fúzje
Op 1 jannewaris 2007 fusearret de gemeente Ter Aar mei de gemeenten Liemeer en Nieuwkoop. De nije namme is noch net bekend. Op't heden wurdt de nije gemeente oantsjutten as Nieuwkoop, mar de namme sil wierskynlik noch feroarje.
[bewurkje seksje] berne yn Ter Aar
- Petra de Bruin, hurdfytster
- Jody Pijper, sangeres
- Lenie van der Hoorn, reedrydster (earste froulike winner Alvestêdetocht yn 1985)
- Jan van der Hoorn, hurdrider (winner Alvestêdetocht 1947)
- Mariska van Rossenberg, freondinne fan Frans Bauer
[bewurkje seksje] basisskoallen
- De Fokseskâns
- De Fontein
- It Kompas
[bewurkje seksje] eksterne links
Berjocht:Gemeente Ter Aar Berjocht:GemeentenZuid-Holland