Toetseboerd
From Wikipedy
Taastboerd; toetseboerd; kaaiboerd: Begripen dy't alle trije liend binne út in frjemde taal.
It wurd taast komt fan it Ald-Frânske tiidwurd ‘taster’ en it wurd toets fan it tiidwurd ‘toucher’ út it nijere Frânsk. Beide jouwe oan dat jo eat/it oanreitsje kinne. It begryp kaai ferwiist nei it Ingelske wurd ‘key’ dat benammen stiet foar dingen dêr’t it bewegen fan brûkt wurdt om eat te betsjinjen. Jo kinne tinke oan de kaai fan de klok, in seinkaai ensfh.
[bewurkje seksje] Kaaiboerd
Om de kompjûter syn opdrachten te jaan moast der in masine komme dêr't jo de taal foar dy opdrachten mei skriuwe koenen. Dêrby is as fansels in útwreide typmasine ta foarbyld naam. De útwreiding wie winske om ta mear ‘meganyske skiften’ te kommen. De âlde typmasine koe mar twa skiften: haadletters en lytseletters.
Hjoed de dei kinne sokke skiften yn it kompjûterprogramma oan alle kaaien tawiisd wurde. Dochs bliuwe de eardere ‘meganyske’ ekstra-kaaien as Oarre [Alt] en Kontrôle [Ctrl] ek yn moderne programma’s ornearre foar ‘kaaiekombinaasjes’. Jo brûke sa’n kaaiekombinaasje fan Oarre en in letterkaai om in beskate programmafunksje út te fieren.
Om’t sokke kaaiekombinaasjes net maklik te betsjinjen binne as jo in beheining hawwe, is soks op te lossen mei in ‘kaaistjoering: fertrage kaaien’. Dy kaaistjoering stelt kaaien sa yn dat jo de Oarre en de letterkaai efterinoar yndrukke kinne, wylst it programma it sjocht as dat jo se tagelyk brûke.
It kaaiboerd is allang gjin typmasine mear.