Triem
From Wikipedy
In triem is in folsleine rige koaden fan gegevens dy't ferwurke binne troch in kompjûter en wurdt meast fêstlein op in optyske of magnetyske skiif. Troch it bewarjen fan de kompjûterkoaden yn triemmen kinne programma's en gegevens langere tiid foar in kompjûter beskikber bliuwe.
[bewurkje seksje] Triem en bestân
Der is foar it Frysk in diskusje of it Ingelske begryp computer file oerset wurde moat as triem of as bestân.
Foar bestân wurdt foaral it argumint oanfierd dat dat makliker te begripen is foar ien dy't it Nederlânske bestand gewoan is.
Foar triem is it argumint dat it tichter by it oarspronklike begryp leit om't it de oardering fan it Ingelske begryp oanjout. Sa'n oardering is by in kompjûter no ienris tige wichtich. It begryp 'de triem' ken in spesifike omskriuwing as begryp 'rige' by sifers. Dat byld is brûkt foar it Ingelske 'computer file' as rige nul-/ienkoaden. Bestân is, lykas yn it Nederlânsk, mear in mannichtewurd. Ek wurdt bestân as in barbarisme sjoen, lêst út it Nederlânsk en dêrfoar wer út it Dútsk, wylst it wurd nokrekt yn it Dútsk foar dizze betsjutting fersmiten is.
Fansels komt as it wurd triem brûkt wurdt, it wurd bestân frij as dat mannichtewurd. Sa kin bygelyks sein wurde dat in makelder in bestân fan huzen hat, wylst er de beskriuwings fan dy huzen yn ien as mear triemmen fêstlein hat.
De Wikipedy brûkt yn de ferbinende tekst (interface) "triem".