Universiteit fan Hurderwyk
From Wikipedy
Titelblêd fan de dissertaasje |
De Universiteit fan Hurderwyk (1648 - 1811), ek wol de Gelderske Universiteit neamd, waard oprjochte yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nerderlannen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Stifting
Yn 1441 wie der yn Hurderwyk al in Latynske skoalle. Yn 1600 waard dizze ta in Illustre skoalle, en yn 1648 ta Gelderske Universiteit.
It maklik en goedkeap promovearjen yn Hurderwyk lokke in soad studinten út binnen- en bûtenlan, al wie dat faak mar foar koarte tiid.
[bewurkje seksje] Fakulteiten
De universiteit hie fjouwer fakulteiten:
- Godgeleardens (theologica)
- Rjochten (jura)
- Medisinen (medicina)
- Frije keunsten (artes): etyk, natuerkunde, retoarika en klasyke skiednis.
[bewurkje seksje] Promovendy
Bekende promovendy fan Hurderwyk wienen:
- De ûndekkingsreizger Jacob Roggeveen (1690)
- De medikus Herman Boerhaave (1693)
- De Sweedske plantkundige Carolus Linnaeus (1735)
- De steatsman Herman Willem Daendels (1783)
- De dichter A.C.W. Staring (1787)
[bewurkje seksje] Ein
Yn de tiid fan de Frânske besetting waard de universiteit sletten. Kening Willem I hat letter fergees besocht om hjir in Ryksateneum te stiften.
[bewurkje seksje] Hortus Botanicus
Nei it ferdwinen fan de universiteit yn 1811 waard yn 1821 ek de dêrby hearrende Hortus Botanicus fan de hân dien. Allinnich twa ieuwenâlde beammen binne dêr noch fan oer bleaun. Op dat plak is yn 1989 as neitins in krûdetún oanlein.
[bewurkje seksje] Fetze Alsvanouds
De Universiteit fan Hurderwyk waard oan de ein fan de 20e ieu brûkt as de wurkplak fan prefesser Fetze Alsvanouds (spile troch Aart Staartjes) yn it tillevyzjeprogramma Het Klokhuis.
[bewurkje seksje] Literatuer
Het Gelders Athene. Bijdragen tot de geschiedenis van de Gelderse universiteit in Harderwijk, Skriuwer: M.V.T. Tenten (einred.), Utjouwer: Verloren, Hilversum, 2000. ISBN 9065500929