Various Positions
From Wikipedy
|
||||||||||||||
|
Various Positions, is in album fan Leonard Cohen, dat foar it earst ferskynde yn desimber 1984.
Nei it mislearjen fan it projekt Songs for Rebecca socht Cohen syn âlde produsint John Lissauer wer op. Hy hie lykwols op dat stuit gjin kontrakt mei Columbia Records en se wegeren it album yn Amearika út te bringen. Syn platen waarden yn te lytse oantallen ferkocht. Hy fûn foar dit projekt lykwols ûnderdak by de ûnôfhinklike maatskippij Passport Records. It kaam letter as cd wol út by Columbia.
Alle nûmers op dit album binne skreaun troch Cohen sels.
[bewurkje seksje] De nûmers
- Dance Me to the End of Love
- Coming Back to You
- The Law
- Night Comes On
- Hallelujah
- The Captain
- Hunter's Lullaby
- Heart With No Companion
- If It Be Your Will