Walt Disney
From Wikipedy
Walter Elias Disney (Chicago, 5 desimber 1901, Los Angeles, 15 desimber 1966) wie in Amerikaansk produsint, ûntwerper, skriuwer en regisseur fan Akademy Award-winnende tekenfilms en Hollywoodfilms, sakeman en de geastelik heit fan under oaren Mickey Mouse en Donald Duck. Tegearre mei syn broer Roy Disney hat er yn 1923 tegearre in studio oprjochten dy't útgroeid is ta in omfangryk media-bedriuw dat de namme The Walt Disney Company draacht.
[bewurkje seksje] Jonge jieren
Walt Disney is berne yn Chicago. Syn heit Elias Disney, wie fan Iersk Kanadeeske ôfkomst en syn mem, Flora Call- Disney, wie fan Dútsk Amerikaanske ôfkomst. Walt wie ien fan de fiif bern, fjouwer jonkjes en ien famke. Wylst hy opgroeide op in buorkerij yn de buert fan Marceline, Missouri rekke Walt al betiid ynteressearre yn tekenjen. Hy ferkocht syn eaeste sketsen al oan de buorlju doe’t er noch mar sân jier âld wie. Op de McKinley High-skoalle yn Chicago wie Walt aktyf mei de skoallekrante, sawol mei foto’s as mei tekenings. Jûns besocht hy de Akademy of Fine Arts. Yn de hjerst fan 1918, besocht de jonge Walt Disney om ta te treden ta de militêre tsjinst, mar hy waard wegere om't er noch mar sechtsjin jier âld wie. Yn stee dêrfan gie er by it Reade Krús en waard de oseaan oer stjoerd. Hy brocht in jier troch mei it ferfieren fan stêfleden en it riden yn in ambulânse. Hy hie yn 'e kriich de bynamme de Diz. Syn ambulânse wie net kamûfleare, mar wie bedutsen mei ferskillende tekenings en kartoons. Nei de oarloch kearde Walt werom nei Kansas City, dêr't er opgong makke as reklame-tekenaar. Hjir ferkocht hy yn 1920 syn earste animearre tekenfilm.
[bewurkje seksje] Karriêre
Yn augustus 1923 ferliet Walt Disney Kansas om nei Hollywood te gean. Hy hat niks by him allinnich wat tekenmateriaal. Walts broer, Roy Disney, wie nei Californie gien. Hy fûn de ideeën fan Walt goed. Hy hie 250 dollar, se wisten nog es 500 dollar te lienen. Mei dat jild ynstallearren se in kamera-konstruksje yn de garaazje fan harren omke. Nei in skoftke krigen hja harren earste oarder út New York foar de earste Alice yn Wûnderlân. It wie in kombinaasje fan aksje en animaasje. De bruorren begûnen in studio efter in makelaarskantoar inkele strjitten fierder. Op 13 july 1925 trouwde Walt mei ien fan syn earste wurknimsters, Lilian Bounds. Se krigen twa dochters; Diane en Sharon.
Mickey Mouse waard berne yn 1928 op de weromreis fan in teloarstellende moeting mei in bedriuw dat de rjochten fan Mickey’s foargonger, Oswald the lucky Rabit yn hannen krige hie. It bedriuw woe Oswald net op jaan, derom moast Walt wat nijs betinke. Hy krige it idee fan Mickey tegearre mei Roy, Walt makke it uterlik fan Mickey mei Ub Iwerks, in man fan Nederlânske ôfkomst. Mickey Mouse dy’t earst Mortimer Mouse hiet, waard foar it earst brûkt yn de film Plane Crazy. Undertusken kamen der ek nije technologyen op de merk lykas lûd by in film. Plane Crazy waard derom ek útsteld. Se makken in nije tekenfilm mei de name Steamboat Willie. It wie de earste tekenfilm mei lûd. De premiêre fûn plak yn it Colony Theatre yn New York op 18 novimber 1928.
Walt Disney wie hieltiid dwaande de animaasjekeunst te ferbetterjen. Yn 1932 wûn Walt Disney syn earste persoanlike Oscar foar de film Flowers and Trees. Yn 1937 produsearre Walt Disney de film The Old Mill. Yn dy film waard foar it earst wurke mei multiplane-kamera-technyk.
Op 21 desimber 1937 gie de earste jûnfoljende muzikale tekenfilm yn premiêre yn Los Angeles. De film wie produsearre foar mar leafst 1.199.000 dollars. Dit wie foar dy tiid in enoarm bedrach. Dizze film mei de namme Sniewytsje en de sân dwergen wurdt hieltiid noch sjoen as in monimint yn de filmyndustry. Yn de neikommende fiif jier waarden noch fjouwer fan dit soarte fan films útbrocht dy’t wrald ferneamd wurden binne: Pinnokio, Fantasia, Dumbo en Bambi. Yn 1940 waard Disney’s nije studio iepene yn Burbank. It waard in wurkplak foar mear dan 1.000 minsken. Under de Twadde Wrâldkriich waard 94 prosint fan de studio oanwend foar it regear, bygelyks om soldaten te trainen.
Yn 1954 begûn Disney ek te produsearjen foar de tillevyzje en brocht er as ien fan de earsten in programma op de merk wat hielendal yn kleur te sjen wie. Dit programma hjitte Wonderful World of Color. De Mickey Mouse Club en Zorro, dy't ek troch Disney makke waarden, waarden oer de hiele wrâld tige goed besjoen. Yn 1955 yntrodusearre Walt Disney wat hiel nijs: in pretpark mei de namme Disneylân. It park hat doedetiid 17 miljoen dollar koste, mar it is útgroeid ta ien fan de ferneamste temaparken fan de wrâld en hat nei in perioade fan tritich jier al mear dan 250 miljoen minsken fermakke. Yn 1961 sette Walt Disney in nij gearwurkingsferbân op mei The Los Angeles Consevatory of Music en it Chouinard Art Institute. Hy woe alle kreative en útfierende artysten les krije litte yn ien gebou. Hy hie in hiele nije benadering fan artistyk ûnderwiis. Walt sei hjir oer: "Ik wol eat efterlitte as ik der net mear bin. As ik helpe kin troch in plak te meitsjen dêr't it talint fan de takomst him ûntwikkelje kin, dan bin ik der tige grutsk op dat ik dat berikke haw."
[bewurkje seksje] Dea
Yn 1965 luts it probleem fan de kwaliteit fan de stêd syn oandacht. Hy naam persoanlik de lieding by it ûntwerp fan in Experimental Prototype Community Of Tomorrow (EPCOT), wat in foarbyldmienskip fan de takomst wurde moast. Yn stilte kocht Disney in stik lân yn Florida fan likernôch 120 fjouwerkante kilometer, twa kear sa grut as Manhattan. Neidat de bou begun wie waard by in medysk rûtine-ûndersyk ûntdutsen dat Disney longkanker hie. It wie al fier hinne; in long waard weihelle mar it koe de sykte net mear stopje. De seis wiken yn it sikehûs dy’t derop folgen, brûkte hy om mei syn lêste krêften, lizzend yn syn bêd, mei syn hannen yn de loft gebarrend, syn fisy op Disney World te jaan. Op 15 desimber 1966 stoar hy yn syn keamer yn it sikehûs rjocht tsjin de studio oer. Walt Disney is 65 jier wurden.
Syn karriêre hat 43 jier duorre. Hy hat mear dan 950 ûnderskiedings krigen, wêrûnder 48 oscars en 7 emmys.