West-Flylân
From Wikipedy
West-Flylân wie oant de 18e ieu ta in doarp op Flylân. It doarp wie ontston yn de 14e en 15e ieu en hat jierren lang it haadplak fan Flylân west. It doarp sakke yn de rin fan de 18e ieu fuort yn de see.
[bewurkje seksje] Skiednis
It doarp hie har eigen skoalle, tsjerke, mûne, spinhûs en bierbrouwerij, der wie sels in earmenhûs. West-Flylân hie ek in eigen fiskersfloat. De toer fan it riedhûs foarme it baken foar de skepen op de Noardsee. It doarp hie deselde doarpsstruktuer as East-Flylân, in lang doarp mei trije evenredich oanelkoar rinnende strjitten. Yn 1590 joech Johan van Oldenbarnevelt West-Flylân in eigen wapen. Op it wapen wie in skrale beam te sjen.
Op it hichtepunt fan it doarp wiene der san 400 huzen en wennen der ongefear 1.000 minsken yn it doarp. Dit hat an it begjin fan de 16e ieu west. Twa ieuwen letter, an it begjin fan de 18e ieu wie dit weromrûn nei san 150 huzen. En yn 1736 wiene der noch mar twa hûzen yn it oait sa aktive doarp oer.
Yn 1714 waard troch in febrewarisstoarm in grut diel fan it doarp fuortslein. Der is noch probeare om it doarp te rêden mar it mocht net mear bate. Yn 1727 oerstroomde wer in grut part fan it doarp wêrtroch folle minsken it beslút namen om nei East-Flylân te gjin. Njoggen jier letter waard de predikant en it noch oanwêzige gesin fuort helle en wie it foargoed dien mei it doarp.
Wêrtroch it doarp krekt ûnder wetter sakke is net wis. Wierskynlik hat it te meitsjen mei de oanwaaks fan in stodyk op Teksel. Hjirtroch feroare de seestreamingen yn de Noardsee en yn de Waadsee.
[bewurkje seksje] Ekonomy
De ekonomy fan it doarp beston mei namme út de walfiskfeart, fiskerij, hannel en lânbou. Foar de fiskersfloat fan it doarp wie gjin haven.