Wilhelmina-oard (bosk)
From Wikipedy
Wilhelmina-oard is in bosk flakby Sint Nyk.
Yn it bosk libbet de das. Midden yn it bosk hat in dassen famylje in boarch makke. Dassen binne net útsûnderlik yn Fryslân, se komme ek foar yn Gaasterlân.
Wilhelmina-oard is yn 1845 oanlein as kuierbosk. Dat is dúdlik te sjen oan de lange rjochte ieke beammen dy lâns de paden stean. Jonkhear fan Beyma dy't boargemaster wy fan Lemsterlân is stichter fan it bosk. Yn 1903 hat de freule fan Eijsinga it bûtenferbliuw Wilhelmina-oard stichte. Dy’t is in de rin fan de jierren brûkt as sanatoarium, rêsthûs en in opfangsintrum foar psycho-sosjaal swakke minsken. It bosk is yn 1986 yn it besit kaam fan it Fryske Gea. It Fryske Gea hat er foar soarge dat er in ferbining kaam mei de Vegelinsbosken.
In it bosk binne ek moaie dinnebeammen te sjen. Ek falle de prachtige hulsebeammen op. Yn it bosk binne ferskillende fûgels te hearren.