Wim en Hans Anker
From Wikipedy
De twillingbruorren Wim en Hans Anker (Skiermuontseach, 1953) binne twa bekende Fryske strafpleiters. Wim wurdt ek wol Willem neamd. Se wenje yn Akkrum.
De twilling groeide op yn Akkrum as bern fan de boargemaster. Se studearden rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hjirnei ferhuze Wim nei de Rânestêd om amtner op it ministearje fan Justysje te wurden. Nei fjouwer jier oertsjûge syn broer Hans him om werom te kommen nei Fryslân, en abbekaat te wurden by itselde kantoar dêr't Hans ek wurke. Yn 1990 stiften se harren eigen kantoar: Anker & Anker te Ljouwert.
De firma Anker & Anker hat him spesjalisearre yn strafrjocht en benammen yn strafsaken, wêryn't TBS en kassaasje in wichtige rol spylje en behannelje benammen pro-deo saken. Dit betsjut dat se zaken tawiisd krije fan fertochten dy't gjin abbekaat betelje kinne of dy't gjin abbekaat inhiere kind hawwe omdat nimmen se ferdigenje wol. Sa ferdigenen de bruorren Ferdy E., de moardner fan Gerrit-Jan Heijn; 'ingel fan'e dea' Martha U.; en Richard Klinkhamer, dy't syn frou fermoarde. Ek de fjouwer belagers fan Meindert Tjoelker, en de ekstreemrjochtse partij CP'86 binne troch harren ferdigene. Dêrnjonken lûke se harren it lot fan TBS-ers en langstraften oan, lykas searje-moardner Koos Hartogs, dy't al 25 jier yn TBS-kliniken fêstsit. Ek ferdigenen hja Jan Veerman, syn dochter en de bedriuwslieder fan kafee Het Hemeltje yn Foalendaam.
Yn in soad gefallen komme kliïnten by de Ankers terjochte út alle hoeken fan it lân, bytiden nei wegere te wêzen troch alle abbekaten. Yn in oantal gefallen, wêryn't foar it publyk de skuld dúdlik fêststie, krigen se bedrigings. Mei de CP'86 saak waard it kantoarpân bekûgele mei húskepapier. Wim en Hans Anker beweare lykwols dat eltsenien by harren terjochte kin. Wêrsto ek fan fertocht wurdst, wa'st ek bist: elts hat rjocht op in earlik proses. Boppedat is ien altyd ûnskuldich oant it tsjindiel bewiisd wurdt.
Wim Anker en Hans Anker binne aktive gongmakkers yn it ferieningslibben fan Akkrum. Foarbylden binne it Frysk kampioenskip mêstklimmen, Tûne-Lûke en Slingeraap. Se binne ek supporter fan SC It Hearrenfean. De bruorren binne net allinnich leafhawwers fan it libbenssliet, mar binne ek entûsjaste fertolkers.
Se brûke by harren wurk en yn'e omgong in soad humor. De iene neamt de oare 'Joop" en ek wol 'it 'aai' omdat de manlju beide aardich troch it hier binne. Sa neamden se harren abbekatekantoar ris "Anker & Anker, foar al jo misdieden". By feesten foel it harren op dat de skoften faaks it gesellichst binne. Hja besleaten doe in "pauzefeest" te hâlden by kafee Goerres yn Akkrum; der stie neat op it programma: it gie ommers om de gesellichheid..
[bewurkje seksje] oare banen fan Wim Anker
- lid fan de Nederlânske Feriening foar Strafrjochtabbekaten (NVSA).
- dosint strafrjocht fan de Nederlânske Oarder fan Abbekaten (NOvA).
- dosent gastkolleezjes universiteiten
[bewurkje seksje] Wichtige saken
- Ferdi E., de moardner fan Gerrit-Jan Heijn
- Martha U., "de Ingel fan'e Dea"
- Richard Klinkhamer, de skriuwer dy't syn frou ombrocht hat
- Eks-marinier Paul S.
- De Foalendamske kafeehâlder Jan Veerman