Meidogger oerlis:86.90.153.81
Ut Wikipedy
Tank foar jo bydragen oan de fryske wikipedy. Ik haw jo bydragen efkes in bytsje oanpast.
- de keppeling nei de webstee haw ik ûnder oan de side by de keppelings om utens taheakke, dy hawwe wy leaver net troch de tekst fan de siden, oars wurdt it gau rommelich.
- ik haw de tekst De Kaukasische krijtcirkel feroare yn Der kaukasische Kreidekreis sa at it stik yn it echt hiet.
- ik haw it wat algemiener hâlden en wat details oer de útfiering weilitten, dat heart tink net op in algemiene side op it doarp. De wikipedy is fansels ek net bedoeld as reklameside.
Ik hoopje dat jo jo hjir wat yn fine kinne, oars moatte jo it mar efkes oanjaan.
Groetnis Theun 10 mrt 2008, 17.28 (CET),
Dit is de oerlisside fan in ûnbekinde meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan wa. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekinde meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.