Aartsbiskop
Ut Wikipedy
In aartsbiskop is yn de hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke (en yn oare tsjerken mei apostolyske suksessy) in biskop dy't oan it haad stiet fan in aartsbisdom. Dit aartsbisdom is faak it wichtichste bisdom yn in tsjerkeprovinsje, foarme troch in oantal bisdommen. De aartsbiskop is tagelyk metropolyt fan dizze tsjerkprovinsje.
In aartsbiskop kin lykwols ek biskop wêze fan in aartsbisdom dat gjin suffragane bisdommen hat. Dizze aartsbiskop is gjin metropolyt. In foarbyld hjirfan is de aartsbiskop fan Lucca yn Itaalje.
Ien kin ek ta aartsbiskop beneamd wurde as earetitel bygelyks as er by de pauslike hofhâlding wurket (de Curie) of yn diplomatyke tsjint is fan de Paus. Hy is dan titulateur-biskop fan in bisdom dat net mear bestiet.