Albert Rinia
Ut Wikipedy
Albert Rinia (Makkum, 18 maart 1931 - Makkum, 1 april 2005) wie in keatser mei as bynamme "Proppie", dy't twa kear de PC wûn hat. Hy wie fan 1951 oant 1963 1e klasser. Op it heechste nivo sloech Rinia, dy't foarynse wie, yn 13 jier tiid 203 punten byinoar. Nei syn aktive keatskarriêre makke Albert Rinia him fertsjinstlik as bestjoerslid fan de keatsferiening yn Makkum en as begelieder fan de Makkumer keatsjongerein: benammen syn 4 soannen, wêrfan Peter de súksesfolste keatser wie, koenen op syn stipe rekkenje.
[bewurkje seksje] Grutste suksessen
- 1954 - Bûnspartij
- 1957 - PC (mei Jan Sijtsma en Sake Faber)
- 1959 - PC (mei Rinnie Kuiper en Meindert van der Weerd)