Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Ambrosius - Wikipedy

Ambrosius

Ut Wikipedy

Stânbyld fan de Hillige Ambrosius
Stânbyld fan de Hillige Ambrosius

De Hillige Ambrosius (339 — 4 april 397) wie in tsjerkfaar. Hy wie biskop fan Milaan, en hat in protte skreaun oer de Tsjerke.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben

Ambrosius waard berne yn 339 yn Trier, dêrt't yn dat tiidrek de keizer fan it West-Romeinske Ryk setele; syn heit hie dêr de funksje fan pretorjaansk prefekt foar de Galyske provinsjes. Hy stamme ôf út in ryk Romeinsk laach dat him bekeare litte hie ta it kristendom. Yn Rome studearre de jonge Ambrosius wittenskippen en de keunst fan sprekken (rede) yn it iepenbier. Under keizer Falentinianus II makke hy opgong as gûverneur fan de Noard-Italjaanske provinsje.

Doedestiids bestie yn West-Jeropa it Arianisme noch as wichtige kristlike streaming. Yn Milaan wie der in striid geande tusken Arianen en Ortodoksen. It hie der mei te krijen dat nei de dea fan de biskop fan Milaan, Auksentius, der in situaasje ûntstie dat Ortodoksen en Arianen allebeide harren kandidaten beneamd hawwe woenen en sy der mar net yn slaggen om hjir oer iens te wurden. Yn de katedraal dêr't de gearkomste hâlden waard, rûn dit sa heech op dat sy Ambrosius, yn syn funksje fan gûverneur om help rôpen. Hja wienen sa oer him te sprekken en hy befoel sa bêst dat it folk him ienriedich en hielendal net ferwachte - hy hie gjin inkele tsjerklike wijing en wie sels net doopt - ta biskop ferkeazen. Hy liet him fuortendaliks dope en waard acht dagen letter ta biskop wijd.

Ambrosius wie net allinne in grut tsjerkfaar, hy wie ek in grut politikus. Hy hâlde him foaral dwaande mei de striid tsjin de Arianen en krige it dêrby oan de stok mei de keizer, omdat dizze stipe joech oan de Arianen. Hy feardige in protte edikten út en rôp konsilys byinoar dy't allinnich rjochte wienen tsjin dizze lear. Op it Konsily fan Akwileja (381) slagge hy der foar altyd yn dat der in ein kaam oan it Arianisme. Syn allegorisearre preekstyl soe meiwurkje oan de bekearing fan de lettere tsjerkfaar en teolooch Augustinus.

Ambrosius stoar op 4 april 397, en leit begroeven yn de basilyk fan Milaan dy't ek syn namme hat, nammentlik de Sant'Ambrogio.

Ambrosius is de patroanhillige fan de ymkers. Der is in leginde dy't seit dat der boppe de widze fan Ambrosius in swaarm bijen fleach en de bijehuning yn de mûle fan de poppe dripke. Dêrom wurdt sein dat it sprekken fan dizze hillige "swiet as huning" wie.

[bewurkje seksje] Wurken

Utsein syn drokke politike en diplomatike aktiviteiten hie Ambrosius tiid om in soad te skriuwen, en ûnderhâlde in libbende briefwiksel mei oare tsjerkelearden en politisy. Syn wurken binne te ûnderskieden yn:

[bewurkje seksje] Eksegetyske wurken

Exameron: njoggen homilyen oer de seis dagen fan de skepping, bedoeld om útsprutsen te wurden yn de wike foar Peaske.

Expositio in Lucam: in wiidweidich kommintaar op it evangeelje neffens Lukas.

  • Lytsere eksegetyske wurken en kommintaren op ferskate tiidrekken út de bibel:
  • De Paradiso
  • De Cain et Abel
  • De Isaac et anima
  • De Nabuthe
  • De Tobia

[bewurkje seksje] Wurken oer moraal en askese

De officiis ministrorum: yn trije boeken behannelet Ambrosius de plichten fan de klearus (ynspirearre op it wurk mei deselde namme fan Cicero).

De virginibus, De virginitate, Exhortatio virginitatis: in rige homilyen oer de suverheid fan de faam.

De viduis: oer it widdoskip (dat hy beskôget as in 'boete' foar de fleislike sûnden dy't yn it houlik dien wurde.

[bewurkje seksje] Teologyske en dogmatyske skriften

  • De fide (5 boeken), De Spiritu Sancto (3 boeken): respektivelik wijd oan it kristlik leauwen en oan de Hillige Geast, opdroegen oan keizer Gratianus.
  • De incarnationis dominicae sacramento: oer de eugaristy.
  • De sacramentis: seis boeken oer de betsjutting fan de sakraminten.
  • De paenitentia: oer de penitinsje.
  • Explanatio Symboli ad initiandos: in ynliedend traktaat foar krekt bekearde "nije kristenen" dat de geloofsbelidenis útleit en wiist op it gefaar fan it Arianisme.

[bewurkje seksje] Brieven en rede

Ambrosius hat ek enkele fan de meast bekende liturgyske hymnen skreaun, dy't noch altyd brûkt wurde by de Latynske liturgy, û.o. syn jûnhymne (Aeterne Rerum Conditor) en it earste oerlevere Krystliet Veni Redemptor Gentium, dat troch Martin Luther letter oerset is oan Nun komm, der Heiden Heiland. Syn namme is fierder foaral ferbûn oan it Ambrosiaansk, in foarm fan it Gregoriaansk.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com