Arsjitektuer yn Fryslân
Ut Wikipedy
De Arsjitektuer yn Fryslân' is ferspraat oer de hiele provinsje en is de muoite wurdich om te besjen. Yn dit oersjoch falle de measte ûnder de monumintesoarch.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
De Fryske alve stêden binne allegear beskerme stedsgesicht. Ek binne der tsientallen plakken mei beskerme doarpsgesichten yn Fryslân.
[bewurkje seksje] Bysûndere bouwurken
[bewurkje seksje] UNESCO-monuminten yn Fryslân
Yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten stean trije ryksmonuminten út Fryslân.
[bewurkje seksje] Unyk, heech of bysûnder
De waterpoarte yn Snits is in bysûnder gebou. It stedhûs fan Boalsert (1617) is gebou út de Renêssânse. De Achmeatoer is it heechste gebou fan Fryslân (Sjoch ek: list fan heechste gebouwen fan Ljouwert).
[bewurkje seksje] Bouwurken dy 't in priis wûn hawwe
Behalve moai binne der ek gebouwen dy 't in priis wûn hawwe yn in bepaalde kategory.
Stasjon It Hearrenfean Brunel Award (1985), in designpriis foar it spoarbedriuw. |
Museum Belvédère winner fan de priisvraach 'BNA Gebou fan it Jier 2006' |
[bewurkje seksje] Ofslútdyk
Ek it Suderseewurk de Ofslútdyk heart foar in grut part by Fryslân.
[bewurkje seksje] Sjoch ek: Haadartikels per kategory bouwurk yn Fryslân
Yn de kommenende artikelen wurdt per kategory in oersjoch jûn fan de bouwurken mei oandacht foar de skiednis en arsjitektuer.
De kategory klokkestoel is bysûnder, omdat it in typysk Frysk bouwurk is. De tsjerken en klokkestuollen binne fan grut kultuerhistorysk belang. De waachgebouwen en wetertuorren hawwe harren funksje ferlern, sadat der nei in nije bestimmming socht wurde moat. Fan de mear as twatûzen wynmolens yn Fryslân binne der mar hûndert bewarre bleaun. De akwadukten hearre ta de nijste bouwurken yn Fryslân.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Architectuur en stedebouw in Friesland 1850-1940, G.J.M. Derks, M.F. Fermo, F.R. van Weezel Errens, (1994), Swol, Waanders