Bûnspartij foar jonges
Ut Wikipedy
De Bûnspartij foar jonges is it Nederlânsk kampioenskip keatsen Frysk spul, organisearre troch it KNKB. It dielnimmen stiet iepen foar jongespartoeren (14, 15 en 16 jierrigen) fan de by it KNKB oansletten ferienings. Alle ferienings meie ien partoer ynskriuwe. It plak dêr't dizze partij hâlden wurdt wikselt. It winnende partoer is in jier hâlder fan de wikselpriis: de Thomas de Groot Wandelbal.
Dizze bûnspartij waard foar it earst spile yn 1968. Frjentsjer wie mei de keatsers Hennie Seerden, Anske de Boer en André Roosenburg de earste winner fan it jongesbûn. Yn it klassemint fan de measte oerwinnings stiet Frjentsjer mei mar leafst 8 seges al jierren op kop. Op it twadde plak steane Wytmarsum en Makkum mei 4 oerwinnings. Bysûnder dêroan is dat de Wytmarsumers de oerwinnings op rige hellen: yn 2000, 2001, 2002 en 2003. Der binne trije ferienings dy't it jongesbûn trije kear wûn hawwe: Ljouwert, Arum en Berltsum.
Yn de skiednis fan it Nederlânsk kampioenskip foar jonges binne der mar fiif keatsers yn slagge de partij trije kear te winnen: Joop Greuter en Tjeard van der Kooi (beide fan Ljouwert), Jasper Boomsma fan Berltsum en de Wytmarsumers Herman Sprik en Jacob Zaagemans.
[bewurkje seksje] List mei winners
- 2007 - Tsjummearum, Arnold Zijlstra, Hans Wassenaar en Steven de Bruin
- 2006 -
- 2005 - Makkum, Lennart Adema, Hyltje Bosma en Jan Hiemstra
- 2004 - Wommels, Douwe de Boer, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda
- 2003 - Wytmarsum, Jacob Zaagemans, Chris Anema en Gert Jan Meekma;
- 2002 - Wytmarsum, Jacob Zaagemans, Herman Sprik en
- 2001 - Wytmarsum, Jacob Zaagemans, Herman Sprik en
- 2000 - Wytmarsum, Herman Sprik,
- 1999 -
- 1998 -
- 1997 -
- 1996 -
- 1995 -
- 1994 -
- 1993 -
- 1992 -
- 1991 -
- 1990 -
- 1989 -
- 1988 -
- 1987 -
- 1986 -
- 1985 -
- 1984 -
- 1983 -
- 1982 -
- 1981 -
- 1980 -
- 1979 -
- 1978 -
- 1977 -
- 1976 -
- 1975 -
- 1974 -
- 1973 -
- 1972 -
- 1971 -
- 1970 - Wommels,
- 1969 -
- 1968 - Frjentsjer, Hennie Seerden, Anske de Boer en André Roosenburg