Boalserter Feart
Ut Wikipedy
De Boalserter Feart is in feart yn de gemeente Littenseradiel. De feart rint fan Boalsert oer Wommels nei it Van Harinxmakanaal rint.
Yn 1648 waarde begûn mei de oanlis fan de feart. Doel wie it ferfier fan de fette klaai, dy't fûn waard tusken Harns en Boalsert, as grûnstof foar ierdewurk. Oan de Boalserter Feart hawwe dan ek stienfabriken, dakpannenfabriken en fabriken foar it meitsjen fan estriken stien.
By de oanlis waard bepaald dat it jaachpaad boppe 7 foet en oan de soal 13 foet breed wurde moast. It hynstepaad krige in breedte fan 3 foet en waard ferhurde mei pún.
It eardere jaachpaad is no in fytspaad wurden. De sydfearten fan de feart waarden ek in soad brûkt foar de ôffier fan hout. Dy sydearms binne yn de 20e ieu meast tichtsmiten.
Der is in siswize dy’t seit: “De Boalserter feart hat 99 bochten”. Mar de betsjutting dêrfan is net rjocht dúdlik.
De namme Boalserter Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bolswarder Trekvaart