Brún Blaujurkje
Ut Wikipedy
Brún Blaujurkje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Aricia agestis |
It Brún Blaujurkje (“Aricia agestis”) is in flintersoarte yn it skaai fan de Aricia.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Brún Blaujurkje fleant as it waarm is. Se komme foar op greiden, heiden en yn de dunen. Somstiden kommen se yn grutte oantallen foar. Se komme it meast foar yn sintraal en súd Jeropa. Se komme fan seeniveau oant wol ta 1700 meter hichte foar.
Op de reade list stiet de flinter as gefoelich.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is ûngefear 24 mm. Oft it no in wyfke of in mantsje is swier om te sjen. Dôchs hawwe wyfkes oan it út einde fan de wjukken in lyts bytsje blau. Foar de rest binne de flinter brún. Oan de binnenkant hawwe de wjukken op it út einde giele streekjes en der wer nei wyt. Oan de bûtenkant fan de wjukken hat de flinter reade stipkes yn in bôgje mei ferskillende swarte plakken op de wjukken. De flinter hat gjin sturt.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant yn ferskillende generaasjes troch. Se fleane fan maaie oant oktober.
[bewurkje seksje] Rûp
De aaikes leit de flinter op de Lytse Granium en op de earrebarrebek soarten. De rûp fret op de ûnderkant in oantal lagen fan it blêd of. Letter frette se it hiele blêd op. De rûp oerwinteret as healwaaks rûp yn streusellaach op de grûn.