Braandemeer
Ut Wikipedy
De Braandemeer is in wetter yn de gemeente Weststellingwerf. De mar is ûnderdiel fan in natuergebiet. Oan de súdkant, by de Helomafeart, leit in net tagonklik sompegebiet mei petgatten dat trochrint yn Oerisel. Eigener Staatsboskbehear lit it gebiet ferfeantsje om sa ferlanningsfegetaasje in kâns te jaan.
Om de Braandemeer rinne kuier- en fytspaden.
De namme Braandemeer jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Brandemeer.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- [1] - oer it natuergebiet