De Fochtel
Ut Wikipedy
|
De Fochtel is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, east fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 449 ynwenners. It hert fan De Fochtel wurdt foarme troch it multyfunksjonele doarpshûs Et Legien. Hjiryn binne ek de skoalle en de klaaikeamers foar de pleatslike fuotbalclub yn ûnderbrocht.
De Fochtel hat in eigen kapel. Dizze heart ta de Protestantske Gemeente yn Easterwâlde. Allinnich yn de simmermoannen en Earste Krystdei wurde der tsjerketsjinsten hâlden. Mei yngong fan 2008 wurde der gjin tsjinsten mear hâlden.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
Slûs Fochtelerferlaat falt geografysk ek ûnder De Fochtel, hoewol't se allinnich troch in fytspaad mei it doarp ferbûn is. Iens yn de 5 jier is der in doarpsfeest. It kommende doarpsfeest is yn 2011.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kamp Oranje en Ybenheer
By De Fochtel wie sûnt de jierren tritich in wurkkamp festige yn it ramt fan de wurkferskaffing, it Rykswurkkamp Ybenheer. Yn 1942 waard dit in wurkkamp foar manlike Joadske twangarbeiders. Yn de nacht fan 2 - op 3 oktober fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei kamp Westerbork transportearre, en dêrwei nei Auschwitz en Sobibór. Nei de oarloch is it kamp brûkt om Molukse KNIL-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen.
By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober 2002 in monumint ûnthuld as neitins oan it kamp. Yn kamp Oranje herinnert allinnich it eardere apelplak noch oan it kamp.
[bewurkje seksje] Omkriten
Tusken De Fochtel en Feanhuzen leit it Fochteler Fean, in heechfeangebiet fan ûngefear 2500 bunder. Dit gebiet wurdt beheard troch Natuermonuminten.
[bewurkje seksje] Strjitten:
Feanwei, Ferlaat, Fochtelooerveen, Helomawei, Noardein, Stienekamp, Súdein, Vogelrijd, West.