De Scheene
Ut Wikipedy
De Scheene is in feart yn de gemeente Weststellingwerf. De Scheene is nei alle gedachten groeven tusken 1200 en 1300 as grins yn de sompen tusken de noardelike rige doarpen fan weststellingwerf dy't oan de Tsjonger lizze en de súdlike rige doarpen dy't oan de noardkant fan de Linde lizze.
De Scheene rint fan Nijeholtpea lâns it pompstasjon tusken Teridzert en Aldeholtpea ûnder de N32 troch. Dan rint it njonken de Scheenewei en it spoar Ljouwert-Swol en de suveringsynstallaasje oan de noardkant fan Wolvegea en benoarden Aldetrine troch nei de Rottige Meenthe en Spangea. De Scheene hat in lingte fan mear as 15 kilometer. Yn it begjinpart boppe Aldeholtpea is de Scheene net folle mear as in sleat, mar yn it westlike part is it in feart fan mear as tsien meter breed.