Edzard I
Ut Wikipedy
Edzard I, Edzard de Grutte (1461 - Emden, 14 febrewaris 1528) greve fan East-Fryslân fan 1492 ôf.
Hy stried mei Albrecht fan Saksen om Fryslân en Grinslân. De stêd Grins naam him yn 1506 as hear oan, mar ruile him yn 1514 wer om foar Karel fan Gelre.
Nei't er yn 1492 weromkaam fan in pylgerstocht nei Jerusalim naam er, tegearre mei syn mem Thede it regear fan East-Fryslân op him. Nei't de mem yn 1494 stoarn wie regearre er tegearre mei syn broer Uko.
It skaaimerk fan Edzard I wie benammen it oermasterjen fan syn tsjinstanners, de East-Fryske lieders Hero Omken út it Harlingerlân en Edo Wiemken út Jever dy't ridlik gau belies joegen. Hy wie ek in stiper fan de reformaasje yn it gebiet dêr't er de macht hie. Hy herfoarme it muntwêzen en fierde de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs fan Cirksena yn.
Syn polityk om utens late ta trije jierren striid (1514-1517) tsjin hartoch Albrecht fan Saksen. Dy striid wie yn it foarste plak yn East-Fryslân te merkbiten en sljochte grutte gebieten, lykas de stêd Auerk dy't folslein sljochte waard.
Hartoch Albrecht fan Saksen waard troch Keizer Maksimiliaan I yn 1514 beneamd ta steedhâlder fan alle Fryske lannen. Dat waard troch de stêd Grins wegere. Greve Edzard makke gebrûk fan dy situaasje en besocht syn bewâld út te wreidzjen nei de provinsje Grinslân en liet him beskermhear fan de stêd meitsje. 24 Dútske hartogen en greven koenen it der net mei lykfine en setten mei harren legers ôf nei de Fryslannen dêr't hja safolle mooglik besykje te sljochtsjen. Edzard waard troch de keizer as fûgelfrij (Reichsacht) ferklearre.
Nei dy striid fan trije jier hâldt Edzard it bewâld oer East-Fryslân. Earst as Karel V fan it Hillige Roomske Ryk oan de macht komt yn Nederlân slagget it Edzard om East-Fryslân te krijen.
Edzard stoar op 14 febrewaris 1528 yn Emden en leit yn Kleaster Marienthal yn Norden.