Elia
Ut Wikipedy
Elia is ien fan de grutte profeten dêr't yn de de Bibel oer skreaun wurdt. Oer syn libben wurdt ferhale yn de boeken 1 en 2 Keningen. Hy libbe yn de 8e ieu foar it bejin fan ús jiertelling, doe't it folk fan Israël wer op 'e nij begûn mei it ferearjen fan ôfgoaden.
Elia ferstoar net op in gewoane wize, mar waard yn 'e himel opnommen. Syn opfolger Elisa wie fan dat barren tsjûge.
[bewurkje seksje] Elia yn it Nije Testamint
Jezus sei tsjin syn harkers dat Jehannes de Doper Elia wie, dy't werom komme soe (Mateüs 11:14 en 17:12). Fierders fertelde hy: Elia sil komme en alles werstelje (Mateüs 17:11). Dizze lêste útspraak soe betsjutte dat Elia op 'e nij komme sil om alles te wersteljen.
Yn Mateüs 17:1-13 (de ferhearliking op de berch) wurdt ferteld oer in barren wêrby't Jezus, neidat er mei Petrus, Jakobus en Jehannes de berch Tabor opklommen hie, troch God, dy't fanút in wolk ta him sprekt, yn syn Soanskip befêstige wurdt. De dissipelen binne op dat stuit tsjûgen fan in tafreel wêrby't Jezus troch Elia en Mozes flankearre wurdt.