Elias Magnus Fries
Ut Wikipedy
Elias Magnus Fries (15 augustus 1794 – 8 febrewaris 1878) wie in Sweedsk mykolooch (skimmel- en swammedeskundige).
Fries is berne yn Sweden wêr't er letter dosearre yn Uppsala. Yn 1821 publisearre hy "Systema Mycologicum" (diel 1) - ien fan de earste mykologyske wurken, en letter "Elenchus Fungorum". Oant it foar de mykology wichtige botanyske kongres yn 1987 wie syn wurk tegearre mei dat fan Christiaan Hendrik Persoons "Synopsis Methodica Fungorum" út 1801 lange tiid it útgongspunt foar de taksonomy fan de swammen.