Finn Folcwalding
Ut Wikipedy
Finn of Finn Folcwalding wurdt troch guon wittenskippers beskôge as de earste kening fan de Friezen en is mear in legendaryske as in historysk persoan. Hy wie de soan fan Godulf.
[bewurkje seksje] Skiednis
De historyske Finn Folcwalding libbe oan it begjin fan de 5e ieu, it tiidrek fan de Grutte Folkeferfarren, as in Fryske haadling en kriichsoanfierder. Syn machtsintrum lei fermoedelyk yn Eastergoa. Hy kaam om 400 hinne oan it regear, neidat de Romeinen harren weromlutsen hiene en nei de Grutte Folksferfarren, wêrby in part fan de Friezen har yn Grut-Brittanje fêstige hat. Hy rekke yn kriich mei de Juten, in oar Germaansk folk dy't har ek yn Ingelân festige hie. It is net bekend wêr de slach plak fûn.
[bewurkje seksje] Leginde
Ferhalen oer Finn Folcwalding binne skreaun yn it Ald Noarsk, Ald Germaansk en yn twa âlde Ingelske teksten, de Beowulf en it Finnburg Fragmint. It ferneamste ferhaal dêr't Finn yn foarkomt is it Finnburg Fragmint en dernei it Finn- epos yn Beowulf, wêryn de striid beskriuwd waard tusken de Denen en de Friezen en is basearre op de ferovering fan Brittanje troch de Germaanske folken.
[bewurkje seksje] Boarne
- Fryske Keningen yn de iere midskieuen Nederlânsk
- H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Utrecht, 2000, s. 68, 295, 301-302.