Flearbosksleat
Ut Wikipedy
De Flearbosksleat is in sleat yn de gemeente Smellingerlân. De sleat rint yn de polder De Flearbosk. It is it ferlingde fan de Sjoukesleat benoarden Warniahuzen by de opfeart nei de Swette. De Flearbosksleat rint njonken de Binnenringfeart en komt út yn de Kromme Ie.
De namme Flearbosksleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vleerboschvaart.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |