Folkert van der Wei
Ut Wikipedy
Folkert van der Wei is in Frysk keatser. Hy wennet yn Wytmarsum. Hy is berne op 22 juli 1980 yn Wytmarsum. Folkert keatst al lange tiid yn 'e haadklasse. Hichtepunt yn syn karriere is it winnen fan 'e PC yn 2003, tegearre mei Johannes Dijkstra en Karel Nijman. Op 'e PC fan 2005 helle hy in tredde priis mei Johan Abma en Bauke van der Graaf.
Neist it keatsen fuotballet Folkert op it fjild en yn 'e seal. Op it fjild by treddeklasser SV Mulier en yn de seal by haadklasser Exstador.
[bewurkje seksje] Diabetes
Djiptepunt yn syn karriere is dat yn 2003 Diabetes by him fûn is. De sykte hat hy snel ûnder kontrole krigen, wêrtroch hy nog yn steat is in soart te sporten.
[bewurkje seksje] Externe link
Stichting Score Kommersjele keatsklub