Fritz Zernike
Ut Wikipedy
Fritz Zernike (16 july 1888, Amsterdam - 10 maart 1966, Naarden) wie in Nederlânske natuerkundige dy't yn 1953 de Nobelpriis foar de Natuerkunde krige foar syn útfining fan de fasekontrastmikroskoop
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Komôf
Zernike is berne te Amsterdam as Frederik, twadde soan út in húshâlding fan seis bern. Syn heit, Carl Frederik August Zernike, en syn mem, Antje Dieperink, wienen beide wiskundedosinten. Ien fan syn susters wie Annie Zernike en dy wie wer troud mei de skilder Jan Mankes.
[bewurkje seksje] Opleiding
Yn 1905 kaam hy nei de Universiteit fan Amsterdam dêr't er skiekunde studeare. Dêrneist studearre hy ek noch natuer- en wiskunde. Yn 1913 waard Zernike assistent fan Jacob Cornelius Kapteyn, de ferneamde heechleraar yn 'e astronomie oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Twa jier letter waard hy lektor yn 'e wiskundige natuerkunde oan de universiteit en yn 1920 waard er dêr heechleraar yn 'e teoretyske natuerkunde.
[bewurkje seksje] Fasekontrastmikroskoop
Yn de tritiger jieren ûntduts Zernike de fasekontrastmetode en ûntwikkele hy de fasekontrastmikroskoop. Dit is in mikroskoop mei in kleurfasekontrast; dêrmei is it byld fan de preparaten kontrastryker en sa binne de preparaten better te sjen.
[bewurkje seksje] Nobelpriis foar de Natuerkunde
Foar syn ferskaat oan wittenskippelik natûrkundich ûndersyk, hat hy, neist de Nobelpriis foar de Natuerkunde yn 1953, foar it útfinen fan de fasekontrastmikroskoop yn binnen- en bûtenlân in ferskaat oan wittenskiplike prizen, earelidmaatskippen en earedoktoraten hân.