Frysktalige Wikipedy
Ut Wikipedy
De Frysktalige edysje fan Wikipedy gie fan start op 2 septimber 2002. Op it stuit stiet disse Wikipedy, wat grutte betreft, op it 87e plak, mei mear as 7.000 siden.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mylpealen
- Op 8 novimber 2003 berikt de Fryske Wikipedy de grins fan 100 siden. De 100e side giet oer Gysbert Japiks.
- Op 6 juny 2004 wurdt de side oer de Fryske flagge oanmakke. Dit is de 1.000e side op dizze Wikipedy.
- It 2.000e artikel wurdt op 29 oktober 2005 makke. De side giet oer Willem Loadewyk.
- Op 8 oktober 2006 wurdt mei Henk Wolf de 3.000e side oanmakke
[bewurkje seksje] Statistiken
[bewurkje seksje] Oantal siden
Op it stuit binne der mear as 14.400 siden yn de databank fan de Fryske Wikipedy. San 7.100 siden dêrfan bestean út echte ensyklopedyske ynformaasje (Oerlissiden, siden oer de Wikipedy, oare bysûndere siden, stobben en synonimen yn de databank binne dêrby net meiteld).
[bewurkje seksje] Meidoggers
De Frysktalige Wikipedy telt op it heden sa'n 600 registrearre meidoggers. Acht hjirfan ha beheardersrjochten.
[bewurkje seksje] Printsjes
Op it stuit hat de Fryske Wikipedy mear as 750 printsjes yn harren databank stean.
[bewurkje seksje] Oars
De ûntwikling fan de statistiken dy't hjir boppe stean binne ek te besjen yn grafiken en tabellen.