Fyftjinde Wyk
Ut Wikipedy
De Fyftjinde Wyk is in wyk yn de gemeente It Hearrenfean. De wyk is in sydfeart fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart eastlik fan Jobbegea benoarden Hoarnstersweach. Der binne wol 21 wiken eastlik fan Jobbegea, dy't oanlein binne yn de tiid fan de feanterij.
De namme Fyftjinde Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Vijftiende Wijk.