Gieltsje
Ut Wikipedy
Gieltsje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Gonepteryx rhamni |
It Gieltsje (Gonepteryx rhamni) is in soarte yn it skaai fan de Gieltsjes (Gonepteryx).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Gieltsje is in algemiene stânflinter. Hy libbet op ferskate plakken dêr't de planten Stikelhout en Sprakelhout groeie. It Gieltsje wurdt krekt as froeger ferspraat oer Nederlân waarnommen, allinnich yn sommige seeklaaigebieten, it rivieregebiet en de Flevopolders is hy wat seldsumer. It Gieltsje is de leste tsien jier sterk achterútgongen. Oft dit no onderdiel is fan natuerlike ferskillen of dat it gewoan in achterútgong is, is net dúdlik.
Op de reade list stiet de flinter as: net bedrige.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is 27 oant 30 mm. It Gieltsje is dúdlik wer te kennen. It mantsje is gielich, mar it wyfke is ynwyt, folle witer as it mantsje. De flinter oerwinteret yn beamkeguod en tichte gerssoarten.
[bewurkje seksje] Fleantiid
It Gieltsje fleant fan begjin july oant de winter. It fleant altyd yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De rûp kin oant 35 mm groeie. It liif is grien mei fine swarte stipkes. De kop is grien en is ek bedutsen mei swarte stipkes. De groeitiid fan de rûp is fan de maitiid oant de simmer.
De rûp fret fan Sprakelhout en Stikelhout.
[bewurkje seksje] Taksonomy
It Gieltsje waard troch Carolus Linnaeus beskreaun as Papilio rhamni yn 1758, yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae. De namme Gonepteryx rhamni wurdt taskreaun oan William Leach (1815).