Grutte Alk
Ut Wikipedy
Grutte Alk | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Pinguinus impennis |
De Grutte Alk (Pinguinus impennis) wie mei 75 sm de grutste fûgel út de famylje fan de Alkfûgels. Sûnt likernôch 1844 is de soarte lykwols útstoarn.
De Grutte Alk kaam in grutte oantallen foar op de eilannen oan de eastkant fan Kanada, op Grienlân en yn Yslân, Noarwegen, Ierlân en Grut Brittanje. De Grutte Alk koe hiel best swimme, mar yn tsjinstelling ta de oare Alkfûgels koe er net fleane. De Grutte Alk lei mar ien aai yn it jier.
Troch dizze stadige fuortplanting, en om't er net weifleane koe, wie de soart hiel kwetsber foar de minsken oer. Dy minsken makken lykwols jacht op de fûgels, om if fleis en om it dûns, wat foar matrassen brûkt waard. Op dizze wize is de soarte troch de jacht útroege. It lêste pearke is deamakke op 3 july 1844 op it eilân Eldey foar de kust fan Yslân. Der hat letter noch in melding west fan immen dy't in eksimplaar sjoen hie by Newfoundland yn Kanada.