Guiljelmus Saldenus
Ut Wikipedy
Guiljelmus Saldenus (maaie 1627, Utert - 7 of 8 febrewaris 1694, De Haach) wie teolooch en skriuwer.
Saldenus wie maaie 1627 berne yn Utert as Willem Salden, soan fan de kleanmakker Hendrik Salden. Hy studearre yn Utert teology. Saldenus krige ûnder oaren les fan Gisbertus Voetius, Meinardus Schotanus en Johannes Hoornbeeck.
Guiljelmus Saldenus wie goed befreone mei Herman Witsius dy’t yn syn Inkhúzer tiidrek yn it neibuorjende Westwoud stie. Saldenus is 7 of 8 febrewaris 1694 ferstoarn yn De Haach.
[bewurkje seksje] Bibliografy
Guiljelmus Saldenus hat ferskate teologyske boeken skreaun. Hjirneist hat er dichtwurken en bibliografyën skreaun.
Inkelde boeken:
- De Wech des Levens (1657) (De Wei fan it Libben)
- Geestelijk Avontmael (1660) (Geastlik Jûnsmiel)
- De droevigste Staet (1661) (De treurichste Steat)
- Een Christen vallende en opstaende (1662) (In Kristen dy’t falt en dy’t opstiet)
- Toetsteen van een Christens Oordeel (1665) (Karstien fan it Oardiel oer in Kristen)
- Leven uyt de Doodt (1667) (Libben út de Dea)