Himrik
Ut Wikipedy
De himrik is it gebiet fan in doarp.
De himriken fan de doarpen yn in gemeente foarmje mei inoar it gebiet fan de gemeente.
Yn de tiid dat it Skelterjocht gou, fan likernôch de 11e ieu ôf, wie de Himrik yn it bysûnder dat part fan it gebiet dat neffens it Skelterjocht opdield waard.
Yn guon gefallen is "Himrik" ta de namme fan in gebiet wurden, lykas De Himrik yn Opsterlân, en it Huzumer Himrik yn de gemeente Ljouwert.