Himrikerferlaat
Ut Wikipedy
Himrikerferlaat is in buorskip yn de gemeente Opsterlân en leit besuden De Himrik oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart. 53° 9' NB, 6° 7' EL It ferlaat is yn 1755 yn de Kompanjonsfeart slein. De skutslûs is yn 1855 yn stien ferfongen en yn 1902 hielendal fernijd. De skutslûs leit op de Turfrûte.
It slûswachterhûs dat der by stiet is fan omtrint 1880.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |