Hjerringslynder
Ut Wikipedy
Hjerringslynder | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Podiceps Cristatus |
De hjerringslynder (Podiceps cristatus) is in echte wetterfûgel. Jo sjogge him it meast swimmend op fearten en marren. Út en troch dûkt er ûnder om in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.
[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen
De hjerringslynder wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Grutte Ieldûker, Ielslynder as Kroandûker.
[bewurkje seksje] Uterlik
De hjerringslynder is goed wer te kennen oan syn wyt boarst en syn donkere earplûmen.
[bewurkje seksje] Gedrach
Yn april/maaie begjinne de hjerringslynders elkoar mei pearfoarming. Dat dogge se op opfallende wize. Se draaie om elkoar hinne en geane rjochtop stean. Ek biede se elkoar reiden en oar nêstmateriaal oan. It nêst is in grutte bulte reiden dy't yn it wetter driuwt. De fûgels briede sa'n 27-29 dagen op 4 aaien. De swart-wyt streepte jongen kinne fuort swemme mar se binne noch in skoft fan de âlden ôfhinklik foar harren iten. Se farre ek geregeld mei op de rêch fan harren âlden. Bytiden dûke se sels mei as heit of mem ûnder wetter dûkt.