Ielreager
Ut Wikipedy
Ielreager | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Ardea cinerea |
De Ielreager (Ardea cinerea) is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Reagerfûgels yn Fryslân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Ielreager is in grutte fûgel fan sa'n 90 sm en kin wol 1600 gram wage. De beide slachten hawwe in gelikens uterlik. De boppekant is griis, fan de kop oan't de sturt, ek de wjukken binne griis mei swarte úteinen. De kop is wyt mei in brede swarte streek troch it each dy't trochrint oant yn de lange swarte tûfe. De foar- en ûnderkant is aardich ljocht, wyt mei grize streken.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Ielreagers komme foar yn it grutste part fan Jeropa en Aazje, ek binne der ielreagers yn it suden fan Afrika en op Madagaskar. Yn Jeropa binne de noardelike en eastlike fûgels trekfûgels, dy't faaks yn it suden fan Jeropa of op de noardkust fan Afrika oerwinterje. Yn in grut part fan west en midden-Jeropa bliuwt de ielreager it jier rûn. De ielreagerspopulaasje wurdt dêr aardich beynfloede troch de winters. By strange winters kin in grut part fan de populaasje it foarjier net helje. Bygelyks by de winter fan 1963 doe't 45% fan de reagers de winter net oerlibbe.
[bewurkje seksje] Iten
Fisk is it grutste part fan it iten fan de Ielreager. Fierder yt der ek wol kikkerts, ringslangen, ynsekten, wjirms, slakken en jonge fûgels, somtiden ek wol mollen, rotten en mûzen.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Ielreager briedt eins altiten yn koloanjes werby de nêsten heech yn de beammen makke wurde. It nêst is meast aardich grut en plat, makke fan tûken en beklaaid mei lytsere tûken, gêrs en fearren. De beide âlden briede de 3-5 aaien yn 23-28 dagen út De jongen bliuwe sa'n 50 dagen op it nêst.