Iezumakeech
Ut Wikipedy
De Iezumakeech leit yn it westlik part fan it Lauwersmargebiet, besúden Iezumasyl.
Keech betsjut bûtendyks lân, en dat wie dit dan ek foar de Lauwerssee ôfslúten waard yn 1969. It waard doe earst ynrjochte as lânbougrûn dêr't meast koalsied boud waard.
[bewurkje seksje] Natoergebiet
Yn 1993 waard Staatsbosbeheer de eigener fan it gebiet en waard it ynrjochte as natoergebiet. De Iezumakeech is sa'n 497 ha. grut. It eastlik part is in dyk omhinne lein dy't soarget dat it grutste part hjirfan ûnder wetter stiet, wêrtroch in sompegebiet ûntstien moat. It wetterpeil giet op en del troch de rein en de ferdamping, en meidat it wetter op de measte parten net djip is binne der altiten in protte einen en waadfûgels. It westlik part bestiet út greide foar de guozzen en greidefûgels.
[bewurkje seksje] Fûgelhutte
Oan de noardkant fan it wettergebiet is in parkearplak makke mei in dyk deromhinne. Ek wie hjir in fûgelhutte makke om de fûgels rêstich besjen te kinnen. Yn jannewaris 2002 is de hutte lykwols folslein ôfbaarnd nei't er troch fandalen yn 'e fik set wie. Yn oerlis mei fûgelders is doe it plan makke om oan de sûdkant fan it sompegebiet in fûgelhutte yn it wetter te bouwen, dy't fia in dyk en tusken skerms fan reiden troch berikt wurde kin. Dizze hutte hat de namme Sylkajút krige.
[bewurkje seksje] Ferwizing
- Fûgelhutte Sylkajút Nederlânsk