Ikeflinter
Ut Wikipedy
Ikeflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Neozephyrus quercus |
De Ikeflinter (Neozephyrus quercus) is in soarte yn it skaai Neozephyrus.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De flinter is in algemiene stânflinter. Dôchs wurdt de flinter net faak sjoen. De flinter is te finen op keale sângrûn en foaral yn de dunen.
De flinters frette foaral huningdauwe. Moarns betiid komme de flinter nei ûnderen om te drinken fan de fochtige grûn of fan'e dauwe. De flinter fleant jûns let heech yn de beam krunen fan ikelbeammen. Dêrom wurde se net in soad sjoen en dat wylst der bytiden hiel wat omspane yn mar in pear beammen.
Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.
[bewurkje seksje] Flinter
De flinter is likernôch 16 mm lang. De mantsjes hawwe in pearseftige glâns op de efter- en de foarwjukken. It wyfke hat swarteftige efterwjukken. Op de efterkant fan de wjukken hawwe sawol de mantsjes as de wyfkes in lyts sturtsje.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan mids july oant ein augustus. De flinter fleant altyd yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
Jonge rûpen boarje harsels yn de knop fan in blêd. Gruttere rûpen sitte yn speanzelnesten. En frette foaral yn de nacht. It ferpopkjen bart yn in losse kokon. De rûp oerwinteret as in aaike by in knop oan de ein fan in takke.
De weardplant fan de flinter is de ikebeam en dan foaral de simmeriik.