Wikipedy:Kategoryen
Ut Wikipedy
De Kategoryen binne siden dy't automatysk oanmakke wurde at siden yn de wikipedy yn in kategory set wurde. Kategoryen kinne sels ek yn in oare kategoryen set wurde en wurde sa in sub-kategory. Op dizze wize kin in hiele kategorybeam opset wurde dy't it sykjen op in struktureare manier ferbetterje moat.
Dizze side is der foar bedoeld om de kategorynammen en struktuer wat mear gelyk te krijen en in plak te jaan foar oerlis en ôfspraken. Diskusjes leafst op it Oerlis. Ofspraken en foarstellen kinne hjir in plak hawwe.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Siden dy't helpe mei it oanpassen/besjen fan de kategorybeam
Der binne by de Bysûndere siden in tal siden dy't helpe om gatten yn de kategorybeam op te lossen:
- Kategoryen sûnder kategory jout in list fan Kategoryen dy't noch net ûnderdiel binne fan in oare Kategory.
- Kategoryen jout in alfabetyske list fan alle Kategoryen.
- Kategoryen dy't it meast brûkt wurde jout in list fan alle Kategoryen sortearre op it tal siden/kategory dy't yn in kategory sitte.
- Kategorybeam kinne je in oersjoch fan in part fan de kategorybeam te sjen krije.
[bewurkje seksje] Nammen fan de kategoryen
[bewurkje seksje] Iental as Meartal
Dit wurdt op ferskillende wizen brûkt. De measte kategoryen binne yn iental, mar der binne ek noch guon dy't yn meartal binne. Bygelyks Kategory:Fryske skriuwers.
Foarstel is om sa folle mooglik yn iental te beskriuwen, at de siden dy't der ûnder falle teminste oer ien persoan,objekt of wat dan ek giet
-
- Bygelyks in side oer in persoan altiten yn iental, sjoch bygelyks Kategory:Romein
- In kategory mei siden dy't oer in groep geane bygelyks in folk kinne better yn meartal Kategory:Romeinen
[bewurkje seksje] Geografyske ûnderferdieling
It meitsjen fan sub-kategoryen nei de geografyske ûnderferdieling wurdt ek op ferskillende wize dien. Der binne tal fan siden sa as Kategory:Media yn Fryslân, Kategory:Bouwurk yn Fryslân en nim mar op. Mar de binne ek Kategory:Fryske sporter Kategory:Fryske fuotbalklub.
It soe kinne om bygelyks Kategory:Frysk bouwurk te meitsjen, mar dan wurdt it wol wat frjemd at je letter by in bulte bouwurken in ûnderferdieling nei gemeente meitsjen gean, Kategory:Boarnsterhims bouwurk heart ek wat frjemd.
Foarstel:
- By siden dy't in geografysk festlizzend plak, bouwurk of soksawat oangiet dan de foarm Kategory:..... yn Fryslân brûke.
- By siden dy't eat oanjouwe dat net op in fest plak is mar syn oarsprong dêr hat en ek ferplakke wurde kin dan de foarm Kategory:Fryske ..... brûke. Dat soe tink betsjutte dat it Kategory:Fryske Media wurde moat. (Is it oars ek net Media út Fryslan?)