Kro-Magnonminsk
Ut Wikipedy
De Kro-Magnonminsk is de beneaming foar fossilen fan minsken en ferneamd nei har fynplak Cro-Magnon by Les Eyzies-de-Tayac-Sireuil yn de Frânske Dordogne. Soms wurdt de Kro-Magnonminsk oantsjutten mei de selsstannige ûndersoarte Homo sapiens diluvialis of cromagnonensis, mar de measte wittenskippers binne it der oer iens dat de Homo sapiens nea ûndersoarten hân hat en dat de Kro-Magnons "gewoane" moderne minsken wienen.
[bewurkje seksje] Oarsprong
De Kro-Magnon wie in lettere tiidgenoat fan de Neandertaler. Neffens argeologyske fynsten ferskynt er sa om-ende-by 40.000 jier ferlyn yn Jeropa. Anatomysk sjoen ferskilt er net fan de moderne minsk, mar wol fan de Neandertaler dy't nei syn komst stadichoan seldsumer waard en úteinlik útstjerre soe.
De Kro-Magnon is bekend wurden troch fynsten yn ûnder oare Kro-Magnon, Aurignac en La-Madeleine. Hy wie de earste minsk dy't ôfbylden makke. Op rotswanden en yn grotten brocht er skilderings oan.