Mauritaanje
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Mauritaanje, folút de Islamityske republyk Mauritaanje, is in lân yn Afrika.
It lân wurdt begrinzge troch:
- De Westlike Sahara yn it noardwesten;
- Algerije yn it noardeasten;
- Maly yn it súdeasten;
- Senegal yn it súdwesten;
- De Atlantyske Oseaan yn it westen.
[bewurkje seksje] skiednis
Al yn de 11e ieu wie Mauritaanje in islamitysk lan. Yn 1902 waard it oermastere troch Frankryk dy't it tafoege oan harren Franske koloonje West-Afrika. Nei de ûnôfhinkliks fan Frankryk yn 1960 oermastere Mauritaanje it súdlike part fan de doentiidske Spaanse Sahara yn 1976. Fanwege de jierenlange striid tsjin de guerrilla Polisario moast Mauritaanje de eardere Spaanske Sahara opjaan (tsjinwurdich de Westlike-Sahara.
President Taya hat in skoftlang tusken 1984 en 2005 regeart oer Mauritaanje. Hy kaam op 12 decimber 1984 troch in steatsyngrip oan de macht. Under syn regear waard yn 1992 ferkiezings hâlden der't hy sels yn slagge in mearderheid fan stemmen te behelje. Yn juny 2003 waard der tsjin him in steatsyngrip besoch dy't lykwols misleare. Hy waard yn novimber datselde opnij werkeaze as president foar in nij tiidsrek fan seis jier, mar op 3 augustus 2005 waard hy lykwols ôfset mei help fan de militêren. In proatte boargers hawwe syn presidentskip as diktatoriaal belibbe.
Nei de machtsyngrip waard kolonel Ely Ould Mohamed Vall de nije presidint fan Mauritaanje. Under syn regear waard twa jier letter demokratyske ferkiezings hâlden. Dizze ferkiezings waard wûn troch Sidi Ould Sjeikh Abdallahi dy't op 26 maart 2007 de nije president waard.