Neustrje
Ut Wikipedy
Neustrje wie in Frankysk keninkryk dat ûntstie doe't yn 511, nei de dea fan de Merovingyske kening Klovis I syn ryk neffens Frankysk wenst ferparte waard ûnder syn soannen.
It gebiet waard begrinze troch de Skelde yn it noarden en de Loire (Akwitaanje) yn it suden. Yn it westen lei Bretanje en de Atlantyske Oseaan en Bretanje, noardeastlik Austraasje en súdeastlik Boergonje.
Mear as hûndert jierren fierden de keningen fan Neustje kriich mei harren buorlân, Austraasje, it eastlike part fan it eardere Frankyske ryk.
Nettsjinsteande de krigen wienen de twa Frankyske gebieten mar twa kear efkes feriene. De earste kear barde dat troch Klotarius I en de twadde kear troch Klotar II. Lykwols wie dat mar foar in koarte perioade.
Yn 687 koe Pipyn fan Herstal, hofmeier fan Austraasje, Neustrje ferslaan en waarden de twa lannen foargoed ferienige.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- List fan Frankyske keningen