Nicolaas Beets
Ut Wikipedy
Nicolaas Beets (Haarlim, 13 septimber 1814 – Utert, 13 maart 1903), ek bekend ûnder it pseudonym Hildebrand, wie in Nederlânsk skriuwer, dichter, dûmny en heechlearaar.
Hy is benammen ferneamd wurden troch syn boek de Camera Obscura, dat hy ûnder it pseudonym Hildebrand skreau yn syn studintetiid. De earste ferzje fan it boek kaam yn 1839, hy bleau oan it boek wurkjen en hat noch in ferskaat oan ferhalen taheakke wêrtroch it boek pas yn 1851 syn definitive foar krige.