Puriteinen
Ut Wikipedy
Puriteinen of Puritanisme
It puritanisme is in oantsjutting fan in opfetting fan it kristlik leauwen fan in radikale protestânske mienskip dat syn oarsprong yn Ingelân hat nei de tiid fan de reformaasje.
[bewurkje seksje] Seden en lear
It wurd puritein jout yn ús tiid in protestânske beweging fan de 16de ieu oant nei de 17de ieu oan. De puriteinen brûkten sels dizze term lykwols net om har sels dêr mei oan te tsjutten, it wurd beskriuwt altiten mear in religieuse praktyk dan dat dêr in bepaalde tsjerke mei oanjûn wurd. De ienichste beweging dy't troch it wurd puriteinsk oantsjutten wurde kin, is sûnder mis, it Kalvinisme, dat in grut oandiel hie yn de ûntjouwing fan de Prebyteriaanske tsjerke.