Rôffûgels
Ut Wikipedy
De Rôffûgels (Falconiformes) is in skift fan de fûgels dy't bestiet út fleisiters. De fûgels hawwe allegear sterke poaten mei skerpe klauwen. Fierder hawwe se in skerp sicht wêrtroch se goed binne yn de jacht. Hast alle fûgels jeie fanút de loft, in inkele soart jeit op de grûn. Ek binne der soarten dy't net libbene proai fange mar harren spesjalisearre hawwe yn it iten fan kadavers.
[bewurkje seksje] Taksonomy
Fanâlds wurde de Rôffûgels meast ferdield yn 5 famyljes.
- Skift: Rôffûgels (Falconiformes)
- Famylje: Nijewrâldgieren (Cathartidae)
- Famylje: Fiskearnen (Pandionidae)
- Famylje: Haukeftigen (Accipitridae)
- Famylje: Sekretarisfûgels (Sagittariidae)
- Famylje: Falken (Falconidae)
De yndieling fan de ferskillende soarten is ûnderdiel fan in wrâldwide diskusje as gefolch fan DNA-ûndersyk. De famylje Cathartidae wurdt no wol sjoen as ûnderdiel fan de Eiberteftigen. Ek wurdt troch guon ûndersikers wol tocht dat it better is alle famyljes fan de Falconiformes dêrûnder te setten.