Snitsersk
Ut Wikipedy
It Snitsersk is it dialekt fan Snits fan it Stêdsk. De sprekkers sels neame harren dialekt Snekers.
[bewurkje seksje] Skiednis
It ûntstean fan it Snitsersk folget dat fan it Stêdsk. Yn Snits waard om 1800 hinne nei alle gedachten suver gjin Frysk mear praat mar hast allinnich Snitsersk. Yn 1900 waard troch 90% fan de Snitsers Snitsersk praat. Under ynfloed fan it ferplichte ûnderwiis, de bettere kommunikaasjemiddelen en gruttere mobiliteit waard it sprutsen Nederlânsk wichtiger yn it deistich ferkear en rekke it Snitsersk sa linkenoan yn it neigean, it earst by de elite. It dialekt sakke ôf nei de legere sosjale klassen.
Nei de Oarloch sette de delgong hurd troch. Yn 1955 prate 77% fan de bern noch Snitsersk. It grutte tal ynkommelingen fan it Frysktalige plattelân en fan bûten Fryslân en nei 1960 de opkomst fan de tillevyzje soargen der lykwols foar dat it Snitsersk op strjitte de striid foargoed ferlear. Hjoed heart men it Snitsersk op strjitte noch mar in bytsje, al hat it Snitsersk ûnder jongerein noch in funksje as ûnderlinge 'peer group' taal. It tal ynwenners dat thús noch Snitsersk praat mei de eigen bern, is yn'e stêd noch mar in lytse minderheid. Yn de njoggentiger jierren prate mar in fearn fan de Snitsers de taal noch.