Soldatekeizers
Ut Wikipedy
De soldatekeizers is de beneaming dy't jûn wurdt oan de rige keizers dy't elkoar snel opfolgen yn it tiidrek fan de Romeinske krisis fan de 3e ieu en dy't foar it meastepart troch harren opstandige legioenen ta keizer útroppen waarden.
Dizze keizers hiene muoite om't de grinzen fan it Imperium Romanum te ferdigenjen, wêrtroch sy amper yn Rome wienen tidens harren - meastal koarte - bewâld. Faak stoaren dizze keizers yn it harnas, hoewol't sy de macht ek faak kwyt rekken oan oare legeroanfierders dy't fan betinking wienen dat sy it ryk better ferdigenje koenen as de destiidske soldatekeizer.
Oan it tiidrek fan de soldatekeizers soe pas in ein komme troch keizer Aurelianus dy't de macht fan it ryk werstelle koe.